Trouwe op hiel Skier útsteld

27 mrt 2002 - 00:00

De plannen om fan hiel Skiermûntseach in troulokaasje te meitsjen, binne útsteld. Boargemaster Feddema fan Skier makke tiisdei bekend dat der noch in hiel soad juridyske tûkelteammen oan de plannen sitte.

Pearkes dy't al tastimming krigen hawwe foar har troupartij, meie wol gewoan trouwe op it plak dat se útkeazen hawwe.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)