Reklamespot Pr. Margrietkanaal

© Omrop Fryslân
De provinsje Fryslân ropt boatsjeminsken fia in reklamespot op om feiliger te farren op it Prinses Margrietkanaal. De beropsfeart hat benammen simmers in soad lêst fan de rekreaasjefarders.
Yn de spot is te sjen dat in kontenerskip hast op in rekreant botst. Tiisdei wiene de opnames by de brêge Ald Skou tusken Jirnsum en Akkrum. Regisseur fan de spot is Steven de Jong.