LAD fjochtet troch

27 mrt 2002 - 00:00

De Ljouwerter aksjegroep LAD hâldt net op mei har juridysk gefjocht tsjin de komst fan in opfangsintrum foar drugsgebrûkers. Earder fûn it gerjocht dat de troch de gemeente folge proseduere gjin oanlieding wie om it beslút te skrassen.

Dêrmei like de saak ôfdien, mar de wyk tinkt noch net oan opjaan. LAD hat no besletten om yn heger berop te gean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)