Fideo oer narjen en fandalisme

27 mrt 2002 - 00:00

De Fryske plysje hat sûnt tiisdei de beskikking oer in fideo foar bern. De fideo is bedoeld foar de learlingen fan alle 510 Fryske basisskoallen, mar sil earst op 12 skoallen útprobearre wurde.

Besocht wurdt yn de klassen in diskusje los te meitsjen oer tema's lykas narjen en fandalisme. It bysûndere fan de fideo is dat bern fan 2 basisskoallen yn Boyl en Ljouwert meispylje yn de 6 filmkes.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)