Drompel jout te hege faasje oan
Ferkearsdrompels dy't omheech komme as je te hurd ride. Op Skylge is dat gjin takomstmuzyk mear. De beweechbere drompels komme op twa plakken op it eilân.
Automobilisten dy't hurder as 50 kilometer yn de oere ride, fernimme de drompels. De twa drompels kostje goed 145.000 euro. Yn Nederlân binne se noch mar op in tal plakken oanlein.