SMS-service by Cambuur
Cambuur begjint 30 maart mei in eigen SMS-service. Supporters fan de Ljouwerter fuotbalklub krije de lêste nijtsjes op har mobile telefoan trochjûn. Nijs as transfers, blessueres en de opstelling wurde sa eksklusyf bekend makke.
Besikers fan de wedstriid kinne fia SMS oanjaan wa't de 'man of the match' is. De opbringst fan de SMS-kes is foar de klub sels.