Nijbou by Wâldsang yn Bûtenpost
De gemeente Achtkarspelen giet akkoart mei in oplossing foar de problemen fan streekmuzykskoalle De Wâldsang yn Bûtenpost. Neist de skoalle komme twa nije lokalen foar it slachwurk en de koperblazers. Dêrmei moat de lûdsoerlêst oplost wurde.
De skoalle stiet der noch mar twa jier, mar al rillegau die bliken dat de romten net lûdsticht wiene.