Muzykskoalle iepene yn Burgum

26 mrt 2002 - 00:00

Yn Burgum is moandei de nije muzykskoalle oan de Skoalstrjitte offisjeel yn gebrûk nommen. Yn itselde gebou sit ek de deibesteging foar geastlik handikapten fan de organisaasje Talant. Dêrtroch moat de yntegraasje tusken handikapten en Burgumers ferbettere wurde.

De bou fan de nije muzykskoalle hat 730.000 euro koste. Op de skoalle sitte sawat 330 learlingen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)