Molicki komt kilometer tekoart

© Omrop Fryslân
It is de Kanadees Dustin Molicki moandei net slagge om yn Thialf it wrâldoererekort fan Roberto Sighel te ferbetterjen. Molicki lei yn in oere 39 kilometer en 50 meter ôf, en dat is hast in kilometer minder as it rekord fan Sighel.
De omstannichheden yn Thialf wurken net mei. Sa wie de luchtdruk moandei ekstreem heech. Molicki koe it skema fan Sighel mar in heal oere fêsthâlde.