Dochs strânpaviljoen De Lemmer

© Omrop Fryslân
De Lemmer kriget dochs in strânpaviljoen by de wetterkearing oan de Yndustrywei. Rykswettersteat woe de bou ferbiede om't it om bûtendyks lân giet. De gemeente drige dêrop net mei te wurkjen oan de dykferheging.
No is besletten de hiele lokaasje te besjen as Iselmarmarkearring. Dan is gjin sprake mear fan binnen- en bûtendyks en mei der boud wurde.