Restauraasje tsjerke Skingen

© Omrop Fryslân
De restauraasje fan de tsjerke fan Skingen set noch dizze wike út ein. Boufakkers hawwe al steigers pleatst. De tsjerke is bot oan in opknapbeurt ta, mar der wie gjin jild wie.
It doarp hat sels hast 100.000 euro op it kleed lein. Oare subsydzjejouwers ha nochris 300.000 euro tasein. Mei ekstra aksjes sil besocht wurde om noch mear jild byinoar te krijen.