Sneons earsteklassers ûnderút

© Omrop Fryslân
It wie in minne sneon foar de Ljouwerter Sweltsjes, Drachtster Boys en Harkemase Boys. De trije Fryske fertsjintwurdigers yn 'e haadklasse ferlearen alle trije. De Ljouwerter Sweltsjes giene thús ûnderút tsjin Genemuiden mei 1-2.
Harkemase Boys ferlear yn en fan Putten mei 3-1. Drachtster Boys hie it dreech by ACV(Assen). De Drachtster ferlearen de striid mei 3-2.