Kassenberg wint heale maraton

23 mrt 2002 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

Yvonne Kassenberg fan Burgum waard sneon noardlik kampioene heale maraton. Yn De Lieke lei de atlete it parcours ôf yn in nij persoanlik rekord fan 1 oere en 28 menuten. Inge Wuffelé fan Ljouwert waard fjirde en kampioene by de feteranen.

By de manlju waard Johnny Nagelhout fan it Hearrenfean ferassend twadde yn 1 oere en 13 menuten. Jacob Vos fan Bedum wûn by de manlju.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)