Miljoenen nedich foar Fûgelpits

© Omrop Fryslân
In folslein nije Fûgelpits mei besikerssintrum en mear romte kostet wol sa'n 2,5 miljoen euro. In wurkgroep sil de kommende wiken besjen oft dit der ek ynsit. Utgongspunt fan 'e wurkgroep is dat de bedriuwsfiering profesjoneler moat, al bliuwt der in sintrale rol foar de famylje Wiersma fan Eanjum.
De opfang-kapasiteit soe omheech moatte oant 2500 fûgels.