Nijsgjirrige fynsten by Goutum
By argeologysk ûndersyk yn Goutum-Súd binne fiif terpen en de resten fan in âld-krematorium fûn. It giet om resten fan om it begjin fan 'e jiertelling hinne. De argeologen ûndersochten bekende terpen, mar fûnen ûnferwacht noch folle âldere terpen.
It ûndersyk wurdt dien omdat Ljouwert huzen bouwe wol yn Goutum-Súd. De fynplakken wurde ynpast yn 'e bouplannen.