Griend earst wer skjin

22 mrt 2002 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

Hûndert leden fan Natoermonuminten ha freed it fûgeleilân Griend skjinmakke. Natoermonuminten makket it eilân by Flylân alle jierren skjin. De aksje rint al fyftjin jier.

De himmelders fûnen net allinnich smoargens, mar ek hûndert deade eidereinen. De stjerte ûnder dy fûgels blykt jierliks ta te nimmen, in probleem dat Natoermonuminten oanpakke wol.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)