Hantekenings foar intsjen

22 mrt 2002 - 00:00

Op in basisskoalle yn Eanjum ha bern freed in heal miljoen hantekenings oanbean oan in groep keamerleden. De hantekeningaksje wie om de polityk op te roppen it intsjen fan fee tsjin tongblier ta te stean.

Dizze wike is it in jier lyn dat de tongblier it lân yn syn macht krige. De gefolgen hâlde de troffen plakken, lykas Eanjum, noch hieltyd yn de besnijing.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)