Minne berjochten oer skries

22 mrt 2002 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

It giet noch minder mei de skries as dat faak oannommen wurdt. Op dit stuit binne der noch sa'n fyftichtûzen briedpearen. Ferline jier wie dat noch sechtichtûzen.

De Fûgelbeskerming wol maatregels om de delgong te kearen. Sa soene spesjale reservaten nedich wêze en in bettere gearwurking mei de boeren. De beskermers ha in spesjale skries-kaart makke.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)