Haadrolspilers Kameleon bekend

22 mrt 2002 - 00:00

De twilling dy't de rol fan Hylke en Sytze Klinkhamer spilet yn 'e nije Kameleonfilm, is bekend. It binne Koen en Jos van der Donk (14) fan Schagen (NH). Regisseur Steven de Jong foel op harren 'echte kweajongeskoppen', talint en motivaasje.

Foar de rol hiene harren 400 twillingen opjûn. De opnames binne dizze simmer en de film komt takom maitiid út.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)