Winst foar Friesland Bank

22 mrt 2002 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

De Friesland Bank hat ferline jier in rekordwinst fan 101 miljoen euro makke. Bêste ynstruier wie de ferkeap fan it belang yn Kempen en Co. Dat levere goed 56 miljoen euro op.

Sûnder 'Kempen' jouwe de sifers in hiel oar byld, nammentlik in ferlies fan 3 miljoen euro. Neffens de bank hawwe de earste twa moannen fan dit jier wol winst opsmiten.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)