Minister wol nije bystânsregels

© Omrop Fryslân
Gjin útkearing mear oan 'e ein fan it jier of in bonus foar minsken yn de bystân. Minister Vermeend fan Sosjale Saken wol dy útkearings ferbiede.
Ynstee fan dy gemeentlike ekstraatsjes soe der in lanlike bystânsregeling komme moatte. It Frysk WAO-beried neamt it plan fan Vermeend in 'ûnsinnige maatregel'. De minister soe better it minimumlean ferheegje kinne.