Ljouwerter Afghaan wol werom

21 mrt 2002 - 00:00

De Ljouwerter Afghaan Abdul Qadiri dy't hjir al acht jier wennet, wol werom nei syn heitelân. Hy wol dêr mei oare Afghanen en helporganisaasjes in skoalle foar weesbern opsette.

Qadiri (27) wennet hjir mei syn Nederlânske frou en twa bern en is lasser by in bedriuw yn Sint Jabik. Yn 1994 is er flechte, mar hy wol no werom om te helpen by de weropbou.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)