Pastorij soarget foar twaspjalt

© Omrop Fryslân
Dûmny Zijlstra wol net earder út de pastorij yn Easterein, oant er erges oars wenje kin. De pastorij is al ferkocht en giet 1 july oer yn oare hannen. In boufergunning foar in nije pastorij yn it doarpssintrum kaam der net troch.
Omwenjenden hienen der tsjin protestearre en driigden mei de Rie fan Steate. De kwestje soarget foar twaspjalt yn it doarp en Zijlstra is de dupe.