Seeheldebuert wol better imago

21 mrt 2002 - 00:00

De Seeheldebuert yn Ljouwert wol fan syn minne imago ôf. De sedesaak fan ferline jier brocht de wyk negatyf yn it nijs. Bewenners ha in wurkgroep foarme om de buert wer posityf op de kaart te setten. Se wolle in buerthûs en mear boarterstastellen.

Op 10 april is der in grutte skjinmakaksje. Cambuur jout frijkaarten fuort foar de jonge helpers by it opromjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)