Fytser ferwûne by ûngelok

21 mrt 2002 - 00:00

In fytser út Nij Beets (16 jier) is by in ûngelok by Boarnburgum ferwûne rekke. De jonge fytste woansdeitemiddei op de Dykfinne. Syn freon op de brommer seach dat er foel. Earder hie de fytser him meilûke litten. De brommer gie oan kant doe't der in tsjinlizzer oankaam.

Mei harsenletsel is de jonge nei it sikehûs yn Grins brocht. De plysje ûndersiket it ûngelok en freget tsjûgen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)