Fiskstreupers oppakt

21 mrt 2002 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

Trije fiskstreupers binne tiisdeitenacht oanhâlden. Se streupten op de Tsjûkemar. Ien fan de fertochten hie twa kisten yn de auto mei kilo's snoekbears en hûnderten meters fisknet. Dat is mei de boat yn beslach nommen.

De fertochten steane al langer bekend as beruchte fiskstreupers. Yn de rin fan woansdei binne se wer frijlitten.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)