Gjin gasboarrings yn Waadsee

20 mrt 2002 - 00:00

De NAM, de Nederlandse Aardolie Maatschappij, krijt gjin fergunning foar gasboarrings yn de Waadsee. Dat hat de Raad van State woansdei beslist.

Steatssekretaris Faber fan natoerbehear wegere earder tastimming te ferlienen foar boarrings yn de Waadsee. De NAM liet de saak doe foarkomme. It giet om proefboarrings by it Amelân, Peazens, Moddergat en Lauwerseach.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)