Djoer grapke Vesuvius

20 mrt 2002 - 00:00

Fjouwerhûndert euro de man. Dat moatte njoggen leden fan Aldjierploech Vesuvius as boete betelje foar it 'lienen' fan in stânbyld fan Rinus Michels.

De minsken fan Vesuvius út Elslo hiene it byld út de tún fan it fuotbalbûn helle. Op Nijjiersdei kaam it wer foar it ljocht. De leden binne ferstuivere oer de hichte fan de boete. Se sille sjen oft se beswier oantekenje kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)