Akwaria dumpt yn sleat

20 mrt 2002 - 00:00

Yn in sleat oan de Boksumerdyk by Boksum binne tiisdei tolve âlde akwaria fûn. Nei alle gedachten hat immen de akwaria oer hân en yn de sleat dumpt. In pear wiene hiel roastich en fan guon wie it glês stikken.

De miljeuplysje stelt in ûndersyk yn nei wa't it spul yn de sleat smiten hat. Minsken dy't wat sjoen hawwe, kinne kontakt opnimme mei de plysje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)