Eringa stapt nei rjochter
'Stomverbaasd', dat wie de reaksje fan frou Eringa op it stânpunt fan de gemeente Ljouwert. Har kontrakt wurdt net ferlingd om't se op grûn fan gewissebeswieren gjin homo-houliken slute wol. Ljouwert negeart it advys fan de kommisje 'gelijke behandeling'.
Frou Eringa stapt nei de rjochter. Dy sil in definitive útspraak yn de kwestje dwaan moatte.