Bende autodieven oprôle

© Omrop Fryslân
De plysje hat mei de oanhâlding fan fjouwer minsken in bende autodieven oprôle. De haadfertochte is in 36-jierrige man út Drachten. Hy wurdt derfan fertocht auto's trochslûsd te hawwen nei it bûtenlân, benammen Tunesië.
De auto's waarden troch oaren hierd by ferhierbedriuwen. Dêrnei waard sein dat de auto's stellen wiene. De bende naam by ynbraken ek wol autokaaien mei.