Untslach foar personiel NNBT
Santjin meiwurkers fan it NNBT krije dien. It giet om minsken dy't in tydlik kontrakt ha by it Noard Nederlânsk Buro foar Toerisme. It ûntslach is nedich om it buro finansjeel sûn te hâlden.
Yn in reaksje seit deputearre Van Klaveren dat der miskien wer in Frysk buro foar toerisme komme moat. As it NNBT syn promoasjonele wurk net dwaan kin, soe soks in oplossing wêze.