Min jier foar Laurus

20 mrt 2002 - 00:00

Supermerkketen Laurus hat in dramatysk jier hân yn 2001. It nettoferlies wie 442 miljoen euro. Benammen de mislearre ombou fan Super De Boer en Edah-winkels nei ien Konmar-formule koste in soad jild.

It fermogen is 176 miljoen euro negatyf. Laurus is mei banken en Casino, de Frânske brânzjegenoat mei in belang yn it bedriuw, oan it werstrukturearjen.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)