'Ronde' komt ek yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
De earste etappe fan de 'Ronde van Nederland' einiget 20 augustus yn Ljouwert. It kontrakt tusken organisaasje fan de hurdfytswedstriid en de gemeente is tiisdei ûndertekene.
Mooglik docht Erik Dekker, de winner fan de wrâldbeker fan ferline jier, mei. De koers einiget 24 augustus yn Landgraaf. It is de tredde kear de sporters de Fryske haadstêd oandogge.