Klompe moat it bêd hâlde

© Omrop Fryslân
Tieme Klompe is wer thús. Goed in wike lyn skuorde er by de trening in spier tusken it kût en de haksine. De ferdigener fan It Hearrenfean waard snein by de wedstriid tsjin Ajax slim mist.
Foppe de Haan kin foarearst ek noch net oer de 25-jierrige Grinzer beskikke. Klompe moat seis oant acht moannen rêst hâlde. Sneon in petear mei Klompe yn Boppeslach by Omrop Fryslân.