Oanjefte dwaan fia ynternet

19 mrt 2002 - 00:00

Lytse kriminaliteit as fernielings en stellerij kin tenei digitaal oanjûn wurde. De gemeenten Harns, It Bilt en Frjentsjerteradiel dogge fan tiisdei ôf mei oan in proef. Foar Fryslân is dit nij, yn de Rânestêd wurde oanjeftes al langer fia ynternet dien.

De plysje garandearret de privacy. De proef duorret in healjier. By sukses komt it yn de hiele provinsje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)