Hekkelsmoargens oanbean
Boeren hawwe tiisdei op it gemeentehûs fan Ljouwerteradiel hekkelsmoargens oanbean. Mei in karfol wiene se nei Stiens ta riden. Dêr sieten blikjes by, mar ek asbest en grut ôffal.
De gemeente hekkelet de sleatten al jierren en smyt de drek oer it lân. Der sit no safolle rotsoai by, dat de boeren wolle dat se 'de oare kant op hekkelje' en it guod yn de bjirm smite.