Stipe foar allochtoane starters

© Omrop Fryslân
Allochtoane ûndernimmers moatte better tared wurde op it ûndernimmerskip. Dat is de ûnderfining fan de Keamer fan Keaphannel. In protte allochtoane ûndernimmers yn Fryslân moatte nei 2 of 3 jier har saak al wer slute.
Oarsaken binne foaral de beheinde kennis fan de Nederlânske taal en de ûndernimmerskultuer. De KfK yn Ljouwert krijt dêrom in stipepunt foar allochtoanen.