Benefytkonsert 'Jou fiif'
De aksjegroep 'Jou fiif' sil op 25 april in benefytkonsert organisearje yn de Harmonie yn Ljouwert. De aksjegroep wol dat alle Friezen 5 euro jouwe foar minsken yn Afghanistan.
100.000 euro moat de einopbringst wêze. Op de benefytjûn sille ûnder oaren optrede: Piter Wilkens, Agnes Sambrink, de band fan Andries Kelvin (út Big Brother) en it trio Flat Out.