Plannen foar takomst keatsen

It keatsbûn KNKB bûget him de kommende tiid oer foarstellen om it keatsen takomstbestendich te meitsjen. Leden namen dêr woansdeitejûn al in foarskot op troch te diskusjearjen oer in tal stellingen, lykas dat it bûnsblêd Wisin wol ôfskaft wurde kin en dat de keatsfjilden op woansdei- en freedtemiddeis iepen wêze moatte.
It bestjoer ferwurket de útkomsten fan de diskusje yn in tal foarstellen dy't op in algemiene ledefergadering bepraat wurde sille. Doel is om de keatssport yn Fryslân sterker te meitsjen as at dy no is.
Der is woansdeitejûn ek noch praat oer it WK keatsen dat dit jier yn en om Frjentsjer hinne hâlden wurde sil. De twa ton dy't nedich is foar de organisaasje is noch lang net rûn.