Grutte plannen foar De Feanhoop

17 mrt 2002 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

De Feanhoop moat in hiel oar oansjen krije. De ynwenners wolle in iepen en sfearfol plein, dat ek geskikt is foar eveneminten. Fierders moat in dreger wurde om yn it sintrum te parkearen.

De plannen foar it doarp binne makke troch bewenners, yn oparbeidzjen mei de gemeente. It kolleezje fan B en W wol der sa'n seis ton foar útlûke. Woansdei nimt de gemeenterie in beslút.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)