Man ferûngelokke by snoeiwurk

16 mrt 2002 - 00:00

In 50-jierrige man fan de Jouwer is sneontemiddei omkommen by snoeiwurk oan de Aengwierderwei yn Lúnbert. De man foel út de beam nei't er in swiere tûke op 'e holle krige. Hy siet noch fêst oan in tou, mar wie swier ferwûne.

In traumahelikopter út Grins kaam derby om help te ferlienen, mar der koe neat mear foar de man dien wurde.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)