Ferkeap âlde stedhûs Starum

16 mrt 2002 - 00:00

De gemeente Nijefurd wol fan it âlde stedhûs fan Starum ôf. It neo-klassisistyske gebou waard oerstallich nei de gemeentlike weriendieling fan 1984. Warkum waard doe it haadplak.

Der is de ôfrûne jierren neat dien mei it gebou. It stie meastentiids leech en dêrom leit it der fertuteaze by. De gemeente sil it no opknappe litte en wol it dêrnei ferkeapje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)