Gianni Romme diskwalifisearre

16 mrt 2002 - 00:00

Gianni Romme is sneon diskwalifisearre op de 1500 meter by de WK allround op it Hearrenfean. Hy sette de snelste tiid del (1.48,34), mar hindere by in krusing syn tsjinstanner, de Amearikaan Derek Parra.

De jury hat doe besletten om de Nederlanner út de wedstriid te nimmen. Dêrtroch hat de Rus Dimitri Sjepel de 1500 meter wûn yn 1.48,44.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)