PvdA yn petear
Sicko Heldoorn siet der relaxed by. Syn partij, PvdA, kaam sneon op It Hearrenfean by elkoar. De deputearre wurdt opfolge troch Anita Andriessen en net troch Gea van Dijk.
Dat hie de fraksjefoarsitter wol ferwachte. Dat wie dan ek ien fan de ûnderwerpen dêr't oer praat waard. Van Dijk fielde har passearre en stapte ferline wike út de fraksje.