Staking by Philips op 28 maart
It personiel fan Philips yn Drachten sil nei alle gedachten op 28 maart it wurk dellizze. De CAO-ûnderhannelings tusken fakbûnen en direksje binne fêstrûn.
De fakbûnen hawwe de direksje no in ultimatum steld dat op 27 maart ôfrint. As de direksje dan net ynstimt mei de leansferheging fan 3,5 persint, dan wurdt de dei derop staakt.