IIsmaster Thialf hâldt op

© Omrop Fryslân
Bertus Butter, iismaster, hâldt nei dit seizoen nei twa jier op mei syn wurk yn Thialf. Mei de WK allround, dit wykein, nimt er ôfskied. Butter is yn it deistich libben adviseur op it mêd fan it besparjen fan enerzjy.
Hy wie op It Hearrenfean belutsen by de ferbouwing. Dêr hat er ek war dien enerzjy te besparjen. Ek de omstannichheden foar riders binne ferbettere.