Wer brân yn Drachtster sporthal

© Omrop Fryslân
By in sporthal yn oanbou yn Drachten is freed foar de fjirde kear brân útbrutsen. It fjoer wie gau ûnder kontrôle. Der is lykwols in soad skea oan it gebou oan de Splitting. In tredde part moat op 'e nij boud wurde.
De brân is oanstutsen. Twa jonges (12 en 13) binne oanhâlden. De sporthal soe nei de boufak klear wêze. De gemeente wol it pân mooglik bewake litte.