Winst foar Cambuur
Cambuur hat freedtejûn mei 3-0 wûn fan Eindhoven. Al yn de earste minút skoarde Bruin foar eigen publyk. Foar de ein fan de earste helte makke Tijssens de twadde goal.
Yn de tachtichste minút kaam der noch in tredde doelpunt by, op 'e nij fan Bruin. Fan de Ljouwerter ploech krigen Abma en Veltman in giele kaart.