Dútsers oan de oranjekoeke

15 mrt 2002 - 00:00

Bakkerij H.W. Banket út Hearrenfean begjint in proef mei de eksport fan oranjekoeke nei Dútslân. De útfalsbasis foar de yntroduksje fan it typysk Fryske produkt is in hotel by Hannover.

Neffens eigner Hartlief fan de bakkerij sil der neat feroare wurde oan it resept. De Dútsers moatte leare de orizjinele Fryske oranjekoeke te iten.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)